Verschijningsdatum 2013
ISBN 9789033004049
Uitvoering Paperback
Prijs 12,50
Maat
Aantal pagina’s 168
Taal Frysk
Geïllustreerd
Druk 1
Auteur(s) Hanneke de Jong
Beschikbaar Ja

Yn in ympulsive bui biedt Marike oan in grut feest foar har mem te organisearjen omdat dy fjirtich jier wurdt. It rint allegear net sa’t se tocht hie. Gedoch op skoalle en mei de ferkearing, en rúzje mei Peter, har broerke dat ADHD blykt te hawwen. Neffens de psychiater is it erflik. Hat sy it ek? Geane dêrom sa’n soad dingen ferkeard? Wat is normaal en wat net? Wa bepaalt dat?

Gelokkich helpe freondinne Nadia en in dosint fan skoalle har. Want trettjin dagen om sa’n feest te organisearjen binne samar foarby.

In humoristysk, fleurich en serieus boek foar  lêzers fan 12 jier ôf. En harren âlden!

Hanneke de Jong hie súkses mei har eardere jeugdboeken. Foar De lêste brief krige se de Sulveren Spjelde fan de Fryske jeugdboekesjuery en in earfolle fermelding fan de (Nederlânske) Zoenjury.

Sterke skouders waard beleanne mei in plakje op de IBBY list of honour.
Yn 2010 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke.