Verschijningsdatum Verschenen
ISBN 9789033004421
Uitvoering Paperback en e-book
Prijs Papier: 14,95, e-book: 12,00
Maat 14,2 x 21,2 x 1,9 cm
Aantal pagina’s 208
Taal Frysk
Geïllustreerd
Druk 1
Auteur(s) Hylke Tromp
Beschikbaar Ja

De lêzer krijt in prachtige blik achter de skermen yn de wrâld fan it Fryske iepenloftspul. De rol fan de regisseur, de yntriges tusken de spilers en by einbeslút it geheim dêr’t Harry al hiel lang mei wrakselet: alles komt op it kleed. Noah is in bysûnder lêsaventoer!

In libben yn de keunstwrâld, as akteur. Dat like Harry, in âld-dosint, as jongfeint al it moaiste ta dat der wie. Mar nee, heit fûn dat er earst marris in fetsoenlik fak leare moast.

No’t Harry net mear wurket, grypt er syn kans. Fol twifels oan himsels en de motiven fan syn meispilers stapt er yn de repetysjes foar in iepenloftspul oer Noach, dy’t in ark boude om syn famylje en de bistewrâld te rêden. It stik Noah, dat opfierd wurdt mei in grut wetterspektakel deromhinne, is fan Vondel. De fersen akkordearje op in wûnderbaarlike wize mei de gefoelswrâld fan Harry en alles wat deromhinne bart. Dy fersen binne troch de skriuwer fan dizze debútroman, Hylke Tromp, oerset yn it Frysk.

Hylke Tromp (berne yn Snits, yn 1944) studearre yn Grins en waard ynspirearre troch syn learaar Anne Wadman, ek Neerlandikus, skriuwer en fioelist. Tromp wie dosint yn Ljouwert en Snits. Hy is bekend as tekstskriuwer en spylman fan Wiltsje fan Peazens.  Boppedat spile er mei yn fjouwer iepenloftspullen fan Jorwert, De Bochel fan de Notre Dame, Myn leave Lyske, Anatevka en In Sinterske Opera. Ek skreau er kollums en literêre skôgings. By Tresoar joech er mei Akky van der Veer jierrenlang skriuwkursussen