Verschijningsdatum 16 september 2016
ISBN 9789033000058
Uitvoering Paperback
Prijs Actieprijs: 16,99 (anders 19,50)
Maat 15 cm x 23 cm
Aantal pagina’s 256
Taal Frysk
Geïllustreerd Nee
Druk 1
Auteur(s) Wiger Zylstra
Beschikbaar Ja

Wiger Zylstra is yn 1950 berne op Nes bij Akkrum. Hy hat mear as 40 jier as learaar Nederlânsk, Frysk en skiednis foar de klasse stien. Tagelyk hat hy him dwaande holden mei gedichten en mei de skiednis fan de famylje Zylstra en De Haan. It resultaat dêrfan hat hy sammele yn ferskate bondeltsjes en bondels en dy yn lytse rûnte ferspraat. “Dominys, Dwersbongels en oare Dogenieten” is syn earste boek dat ornearre is foar in breder publyk.

Yn “Dominys, Dwersbongels en oare Dogenieten” skriuwt Zylstra oer skoalmasters, Frjentsjerter professoren en benammen dominys yn Fryslân dy’t net opwoechsen wienen tsjin de ferliedings fan jenever, jild en jonge froulju. Pommeranten yn doarp en stêd ferlearen sa harren oansjen en gesach, setten de leafde fan grutske âlden, frou en bern op it spul en seagen in ein kommen oan in faak sa skitterende karriêre. Foaral yn de earste jierren fan de Reformaasje, dus fan 1580 ôf, doe’t de predikanten noch net foar it útsykjen wienen, sieten der grutte dogenieten tusken de foargongers. Benammen dy drank makke in protte dominys ta dûbelhertige moraalridders, dy’t soms amper by steat wienen om de preekstoel op te kommen om it froede tsjerkefolk mei dûbele tonge fan duveldie en duveldei te fertellen.