Verschijningsdatum Verschenen
ISBN 9789033009815
Uitvoering Paperback
Prijs 7,50
Maat 14 x 21 cm
Aantal pagina’s 491
Taal Fries
Geïllustreerd Nee
Druk 1
Auteur(s) Durk van der Ploeg
Beschikbaar Ja

Yn dizze fjouwer romans stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal en de ferwurking dêrfan. Op magistrale wize set Durk van der Ploeg in stik politike en sosjale skiednis del, dy’t foar in soad fan syn generaasjegenoaten noch altiten tige werkenber is.

Mar hy stelt ek aktuele kwestjes oan de oarder. Bygelyks de fraach oft wy tegearre mei de Dútsers de Twadde Wrâldoarloch betinke kinne. Mei De Jacht en It wrede foarjier begûn foar Durk van der Ploeg it sukses by it gruttere lêzerspublyk. Dizze titels waarden ferskate kearen werprinte. Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel koene ek by de literêre krityk op in waarme ûntfangst rekkenje, mar binne al wer in tal jierren útferkocht. Genôch reden dus om dizze twa titels mei It wrede foarjier no yn ien bân út te bringen.

De Dongeradielen-syklus is foar Durk van der Ploeg it begjin fan in tige fruchtbere perioade yn syn skriuwerskip, dy’t oant hjoeddedei trochgiet. Hichtepunten yn syn oeuvre nei 1995 binne ûndermear In bit yn it iis (1996), It wurk fan ’e duvel (2000), Foarby it Boarkumer fjoer (2002), It himelsk oerwurk (2007) en De kjeld fan it noarden (2010).

Misschien heeft u ook interesse in onderstaande titels: