Verschijningsdatum Verschenen
ISBN 978 90 330 0314 1
Uitvoering Paperback
Prijs 7,50
Maat 14 x 21 cm
Aantal pagina’s 240
Taal Frysk
Geïllustreerd Nee
Druk 1
Auteur(s) Durk van der Ploeg
Beschikbaar Ja

Age Looxma-Ypeij libbe fan 1833 oant 1892. As grutgrûnbesitter wied er ien fan de rykste minsken fan syn tiid. Finzen yn in aristokratyske tradysje, waard fan Age ferwachte dat er in wichtige rol spile yn it maatskiplik libben. Mei syn porslein- en muntesamling, it Bosk fan Ypeij en de huzen by Vijversburg hat er nei syn dea Fryslân skatten neilitten. Dizze nije roman fan Durk van der Ploeg giet oer de neidagen fan Age Looxma-Ypeij syn libben, as er de lêste hân leit oan syn testamint en geastlik de balâns opmakket. Dêrnjonken spilet syn twaslachtige hâlding foar Helena Mallinckrodt oer in wichtige rol yn it ferhaal. Helena wie de eardere selskipsdame fan syn mem Baudina.
De fraach oft der plak wie foar in grutte leafde yn Looxma syn libben, foarmet de waarme en dynamyske ûndertoan fan dizze roman. Mei grut psychologysk ynlibbingsfermogen lit de skriuwer sjen wêrom’t Age Looxma-Ypeij sa yn himsels fertize rekke.

Yn 2011 waard de Gysbert Japicxpriis oan Durk van der Ploeg takend foar syn folsleine oeuvre. De skriuwer hat de lêste tsien jier benammen bekendheid krigen mei syn grutte histoaryske romans Foarby it Boarkumer fjoer (2002), It himelsk oerwurk (2007) en De kjeld fan it noarden (2010).

Misschien heeft u ook interesse in onderstaande titels: