Verschijningsdatum 1 december 2016
ISBN 9789033000041
Uitvoering Gebonden
Prijs 15,99
Maat 21 cm x 29,7 cm
Aantal pagina’s 66
Taal Frysk
Geïllustreerd Titia Hoogeveen
Druk 1
Auteur(s) Jeannette Westra
Beschikbaar Ja

Jeannette Westra-Bouma, berne yn Frjentsjer, kaam nei har oplieding oan de Pedagogische Academie yn it ûnderwiis telâne. Nei in perioade mei omtinken foar har jonge húshâlding dêr’t se in soad oan foarlies en selsbetochte ferhaaltsjes fertelde en de ferhuzing nei Lollum, waard se geregeld frege yn te fallen as learkrêft op ferskate basisskoallen yn de regio. Letter krige se in fêste oanstelling oan de basisskoalle fan Easterein.
As learkrêft bestiet de mooglikheid om ferhalen te fertellen. Edze Ballontsje is dêr in útkomst fan.
De ferhalen hat se altyd yn it Frysk ferteld. No steane se dan, omdat se grutsk op har taal is, yn it Frysk op papier. Leuke ‘loftige’ ferhalen oer Edze Ballontsje.

Oer Edze Ballontsje:
Edze Ballontsje is in jonkje, mar tagelyk ek in ballontsje. Der moat goed op him past wurde oars waait er fuort, want hy is krekt sa licht as in ballontsje. Dat slagget net altyd en dan rekket er fersyld yn allegear nuvere situaasjes. Sa belânet er op ‘e Brandaris op Skylge, wurdt er achterfolge troch ealjebijen yn Norg, rekket er fêst oan it hoantsje op ‘e toer yn Frjentsjer en belibbet er noch folle mear spannende aventoeren.
Edze Ballontsje is bytiden ek wol in bytsje ûndogens en dan giet it der soms mâl om wei.

Ut it ferhaal ‘Draakjefleane’:
‘Tsja,’ seit de plysje, ‘wat moatte wy hjir no mei, ik wit it suver net.’
‘Jo witte it net?’ Heit wurdt poerlilk. ‘Jo moatte it wol witte, dêr binne jo de plysje foar. Myn jonkje hinget earne yn ’e loft, fêst oan in draak! Jo moatte him opspoare en helpe, dát moatte jo dwaan!’
‘Ja, ja,’ seit de plysje, ‘dat wit ik ek wol, mar hoe? Ik haw hjir net in helikopter yn myn eftertún te stean.’