Friese Pers Boekerij / Uitgeverij Noordboek
Friese Pers Boekerij/ Uitgeverij Noordboek Friese Pers Boekerij/ Uitgeverij Noordboek
Friese Pers Boekerij/ Uitgeverij Noordboek

 

 

 

 

 

EQUINOX

tongersdei 28 maaie

 

Tsjêbbe Hettinga yn de Grutte Tsjerke yn Louwert

By de Friese Pers Boekerij yn Ljouwert ferskynt op 28 maaie de nije dichtbondel fan Tsjêbbe Hettinga: Equinox. Yn dizze bondel, de earste fan de dichter yn acht jier, leit Hettinga yn skitterjende fersen in skala oan ferbiningen tusken it Europeeske en it Amearikaanske kontinint.

Piet Gerbrandy

De bondel sil yn in spesjaal programma presintearre wurde yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Volkskrant-resinsint Piet Gerbrandy komt oan it wurd oer de betsjutting fan Hettinga syn dichtwurk yn it ramt fan nasjonale en ynternasjonale poëzij.

Wind Images

Boppedat sille Tsjêbbe Hettinga (saksofoan), Sytse Pruiksma (slachwurk) en Reitze Smits (oargel), ferienige yn it ensemble Wind Images, yn de Grutte Tsjerke in muzikaal optreden fersoargje fan in oere.

Equinox

Equinox is ek wat de útfiering oanbelanget (foarmjouwing troch Barbara Jonkers) in bysûndere bondel wurden. It boek sil yn de Grutte Tsjerke te keap wêze.

 

28 mei 2009

Friese Pers Boekerij/ Uitgeverij Noordboek
Friese Pers Boekerij/ Uitgeverij Noordboek